Tryater mei it geheim fan 'e Kânselier

Vind plaats op 09-02-2012

Tryater mei it geheim fan 'e Kânselier

Is in famyljefoarstelling foar elkenien fan 8 jier en âlder! Tongersdei 9 febrewaris spilet dit stik om 19.30 oere yn Us Doarpshûs.

 

Yn It geheim fan de Kânselier wurdst meiskuord yn de wrâld fan sjittinten, messegoaiers, meunsterhûnen, kokhalzjende skiep, ûntploffende kanonnen, hookstrooks opdûkende plysjemannen, en in mem en in soan.. .en in famke...en in heit (mar dy is der net). 

Special guest! Piter Wilkens as Bline Arend, de sjongende cowboy.

It begjint allegear sa rêstich. Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang alderaardichst regearret oer jong en âld en elkenien.

Teminsten, sa liket it... want Keimpe is syn heit kwyt. Mem seit dat er dea is mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer.

Hy komt yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de libbene kanonskûgel en it famke... Bringe dizze nije freonen him tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.

Bram de Goeij is by Tryater bekend fan syn regy fan de hilaryske jeugdfoarstellingen Stamppot Smyt en Tomke siket om ‘e kluts. Peter Sijbenga is in bekende namme by Tryater. As tûzenpoat is hy belutsen by de tekst en de muzyk fan It geheim fan ‘e Kânselier.

Kaarten zijn te reserveren in Us Doarpshûs, tel. 0513-461636.